Dêr bist dan. Sa lyts, sa leaf.
In berntsje fan ús tegearre.
Wat binn’ wy wiis mei dy
Ut ús
fan ús
en dochs
sa fansels
dysels
Doest noch neare wiest
dreamden we al fan dy.
In bern fan ús tegearre
de hiele wrâld waard nij!
Diel mei ús dit grutte lok,
kom gau om in poppeslok!
Nosto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden.
Sa fier as de moanne en werom
Sa mâl binne wy mei ús jonkje/famke
Yn elke earm in bern
4 hantsjes – 4 fuotsjes
alles der op en der oan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!
Pakes, beppes, freonen, sibben
yn it widske leit nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in lytse, leave poppe!
Al hiel oeral litte wy jim witte
dat yn ús widske fan reid
op ’e nij in lyts wûnderke leit.
Hjir ha wy lang op wachte einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.
In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in tûfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan fluwiel.
In wûnder yn ‘e widze
te moai om wier te wêzen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binn’ wy wiis mei dy.